Grutte- of Sint-Jabikstsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Seelân | |
plak | Flissingen | |
adres | Oude Markt | |
koördinaten | 51° 26'N 3° 34'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Jakobus de Meardere | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1308-1328 | |
boustyl | Gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
Webside | ||
PKN Flissingen | ||
Kaart | ||
De Grutte- of Sint-Jabikstsjerke (Grote- of Sint-Jacobskerk) is de haadtsjerke fan 'e stêd Flissingen yn 'e provinsje Seelân. De oarspronklik roomske tsjerke stiet sintraal op de Oude Markt en is sûnt de reformaasje in protestantske tsjerke. Sûnt 2004 fâlt de tsjerke ûnder de PKN.
De bou fan 'e goatyske tsjerke is in kombinaasje fan in pseudobasilyk en in halletsjerke: de sydskippen binne hast like breed as it middenskip, de trije skippen hawwe elts in eigen ferwulft en it middenskip is heger as de sydskippen ek al ûntbrekt in ljochtbeuk